Sletten fiskwetter boppe Waadeilannen mooglik wer iepen

24 des 2014 - 17:42

Steatssekretaris Dijksma krijt tolve wiken de tiid fan de Ried fan Steat om oan te toanen dat in tal gebieten boppe de Waadeilannen terjochte sletten is foar garnalefiskers. Oer it ôfsluten fan dy gebieten is twa jier lyn in akkoart sletten tusken natoerorganisaasjes en fertsjintwurdigers fan de fiskers. In hiel soad garnalefiskers wiene it dêr lykwols net mei iens en besochten wer tagong te krijen ta dizze fiskwetters.

Yn in tuskenútspraak hat de Ried fan Steat sein dat de steatssekretaris bewize moat dat de garnalefiskerij skea oanbringt.

Dijksma moat ûnderbouwe dat de garnalefiskerij skea tabringt oan de boaiem fan de see en dat de swarte see-ein ek lêst hat fan dizze fiskerij. Neffens Douwe Hollenga, saakkundige en fiskerij-oanjager fan Lauwerseach, is dit in oerwinning foar de fiskers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)