Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan augustus

27 des 2014 - 07:30

Wy sjogge werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Wy binne oankaam by augustus.

1. Frou rydt mei opsetsin yn op twa jonges

In 57-jierrige frou fan Sint Nyk rydt heal augustus yn op twa jonges. Ien fan de slachtoffer rekket sa slim ferwûne dat er mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht wurdt. De frou wurdt oanhâlden. Oanlieding foar de frou om achter de jonges oan te gean, soe it narjen fan har hûn wêze.

2. Hûn mei opsetsin fersûpt yn Foudgumer Feart

Foarbygongers dogge yn de Foudgumer Feart yn Boarnwert in ferskriklike ûntdekking. Se fine in deade hûn yn it wetter mei stiennen oan de poaten bûn. Neffens de plysje is it bist sa mei opsetsin ferdronken. It giet om in wyfke fan in jier as sân âld. Net lang dêrnei wurdt in 62-jierrige man út Hallum oanhâlden op fertinking fan it ferdrinken fan de hûn.

3. Sjeik ferbiedt fuotbalwedstriid tsjin Lemsters

De fuotbalwedstriid fan it earste alvetal fan fuotbalklup CVVO tsjin in alvetal út De Feriene Arabyske Emiraten giet net troch. De klup fan De Lemmer hat te hearren krigen dat de sjeik de wedstriid ferbean hat. Wat de reden dêrfan is, is ûndúdlik.

4. Twa deaden by ûngelok op N359

In frou fan 51 jier út Eksmoarre rekket slim ferwûne by in ûngelok yn har wenplak. It slachtoffer botst mei har auto op in hakselaar en moat troch de helptsjinsten út de auto helle wurde. Neffens de plysje hat de autobestjoerster de lânbouwein net sjoen troch de leechsteande sinne. It slachtoffer ferstjert in moanne letter oan har ferwûnings.

5. Toeristen op It Amelân ferwûne troch wjerljocht

Op fakânsjepark Klein Vaarwater op It Amelân slacht de wjerljocht yn by in caravan. In pear minsken dy't yn de caravan oanwêzich binne, rinne lytse brânwûnen oprûn. Se wurde troch de eigener ûnderbrocht yn it rekreaasjeblok op de camping.

6. Ice Bucket Challenge smyt flink jild op foar ALS

2014 is it jier fan de 'Ice Bucket Challenge'. Dielnimmers smite in in amer iiswetter oer harren hinne om sa jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei de deadlike spiersykte ALS. Ek Omrop Fryslân docht mei. Sa'n tritich 'omroppers' litte trije shovels mei iiskâld wetter oer har hinne smite. De ludike aksje smyt hast 5000 euro op.

7. Nei de rjochter om dielname Freulepartij

In keatser fan Baaium hat by de rjochter dielname ôftwongen oan de Freulepartij. Neffens de regels fan keatsbûn KNKB moat de jonge útkomme foar de ôfdieling Wjelsryp. Mar dêr binne gjin jeugdkeatsers om mei te dwaan oan de Freule. Dêrom woe er útkomme foar Winsum. Mar dat mocht net fan it KNKB. De jonge stapte dêrnei nei de rjochter.

8. Kafee wike ticht nei mislearre stunt mei baarnende bar

It Ljouwerter kafee Bebida's moat fan de boargemaster in wike ticht. Seis minsken reitsje ferwûne as de bar mei alkohol besprinkele wurdt en yn de brân setten wurdt. Ien persoan rint twaddegraads brânwûnen op. De eigener sprekt fan in tragysk ûngelok.

9. Akwadukt Heak om Ljouwert te plak fearn

It akwadukt foar de Heak om Ljouwert wurdt ein augustus op syn plak fearn yn it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl. It akwadukt is 32 meter breed, 47 meter lang en 10 meter heech en weaget 12.000 ton. De betonnen akwaduktbak is boud yn in kûle oan de kant fan it kanaal. Dy kûle waard ûnder wetter set, sadat it akwadukt driuwe koe.

10. Nei fjouwer jier wer thús fan wrâldreis

De famylje De Graaf út Ljouwert is wer thús nei in wrâldreis fan fjouwer jier mei harren sylboat Seaquest. By harren oankomst yn Harns wurde se opwachte troch in groep fan sa'n hûndert famyljeleden en freonen. De reis is neffens Huib Jan de Graaf in súkses wurden mei prachtige aventoeren oer de hiele wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)