Jantsje Miedema-Rijpkema krijt keninklike ûnderskieding

24 des 2014 - 16:43

90 jier âld en noch hieltyd is se hast alle wiken yn it spier as frijwilliger: Jantsje Miedema-Rijpkema fan De Jouwer. Dêrom krige se woansdeitemiddei fan boargemaster Arie Aalbers in keninklike ûnderskieding.

Miedema-Rijpkema krige it lintsje foar har jierrenlange frijwilligerswurk yn ûnder oare ferpleechhûs De Flecke op 'e Jouwer. Ek is se gauris te finen yn soarchsintrum Sint Theresia. Dêr't se minsken mei demintens bystiet. Hjirfoar hat se op 87 jierrige leeftiid noch in kursus folge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)