Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan july

Wy sjogge werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Op dizze twadde krystdei in oersjoch fan it nijs fan july.

1. Brân yn tsiisfabryk Gerkeskleaster soarget foar miljoeneskea

De grutste brân fan 2014 brekt ein july út yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster. It fjoer ûnstiet yn in opslachloads mei tsiis. Der wurdt al gau opskaald nei in tige grutte brân en de brânwacht rukt manmachtich út om it fjoer te bestriden. De brân yn it tsiisfabryk soe mei 85 miljoen euro skea de djoerste yn Nederlân wêze sûnt 2008.

2. Ek Friezen omkaam by fleanramp MH17

Tusken de 298 slachtoffers fan de ramp mei flecht MH17 yn Oekraïne binne ek Friezen. In echtpear fan De Gordyk siet yn it fleantúch dat út de loft sketten waard. Mar ek ferskate oare Friezen om utens komme om it libben en guon ferlieze famyljeleden by de ramp.

3. Skûtsjeskippers geane mekoar te liif

De emoasjes rinne by de earste wedstriid fan de SKS-silerij by Grou heech op as twa skûtsjeskippers mekoar te liif geane. Dat bart neidat de skûtsjes fan de Súdwesthoeke en Akkrum tegearre De Tynje ynkomme en dêr boppe opelkoar klappe.

4. Twa deaden by ûngelok op N359

By in slim ûngelok op N359 by Wommels komme twa minsken om it libben. Op de krusing fan de N359 mei de dyk nei Waaksens/Lollum komme in auto en in bestelbus mei elkoar yn botsing. In 81-jierrige frou ferstjert fuortendaliks, fjouwer oaren reistje ferwûne. Ien fan harren, in 93-jierrige frou, ferstjert letter yn it sikehûs.

5. Harns yn it teken fan Tall Ships Races

Harns stiet fjouwer dagen yn it teken fan de Tall Ships Races. It ynternasjonale nautyske evenemint lûkt 200.000 minsken en dat is minder as de ferwachte 350.000. Foaral op sneon bliuwt de drokte út. Oarsaak is it minne waar. Al mei al kamen der sa'n 60 tallships nei Harns ta.

6. Van der Bos, Wassenaar en Iseger winne 161e PC

Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger skriuwe de 161e edysje fan de PC mei oermacht op har namme. Op It Sjûkelân wint it oppermachtige trijetal yn in iensidige finale mei 5-0 en 6-6 fan Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong.

7. Twa loadsen yn de jiske lein yn Harns

Noch in grutte brân yn july. Dizze kear baarne twa loadsen oan de Hermeskade yn Harns foslein ôf. Yn ien fan de loadsen sit de kringloopwinkel fan Omrin. It fjoer ûntstiet yn in kontainer en slacht oer nei de twa neistlizzende loadsen.

8. Jonge ferwûne nei dûk op betonblok

In 17-jierrige jonge út Blesdike rekket ferwûne oan de holle as er yn de Vlinderplas by Wolvegea op in betonblok dûkt. It blok leit ûnder wetter en wurdt brûkt om driuwlinen op har plak te hâlden. Fandalen ha mei de 150 kilo swiere blokken oan it tôgjen west. Ien blok is ticht oan de kant ûnder wetter lein.

9. Ferstoppe jild op Ljouwerter bedriuweterrein

Inkelde tsientallen skatsikers strune dwers troch bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert op syk nei ferstoppe jild. It jild is troch in ûnbekende jildsjitter yn sân griene sluven ferstoppe yn it ramt fan de aksje 'Hidden cash Liwwadden'. Sadra't de aksje oankundige wie op ynternet giene inkele tsientallen Ljouwerters fuortendaliks nei de sluven op syk.

10. Ynbrekkers nimme keatsprizen âld-topkeatser Kuipers mei

Alle keatsprizen fan âld-topkeatser André Kuipers fan Bitgum wurde by in wenningynbraak stellen. It giet om sa'n 35 Gouden Willems, ferskate gouden lispennings en gouden keatshorloazjes. Dêrneist waard ek noch sparjild, sieraden, klean en foar njoggentûzen euro oan timmerark meinaam. Kuipers hat fjirtjin jier keatst op it heechste nivo.