Jongerein yn Wolvegea kin dochs feestend it nije jier yn

24 des 2014 - 15:14

Der is dit jier mei de jierwiksel dochs in feest yn Wolvegea. Dat makken de trije nije inisjatyfnimmers woansdei bekend. Ofrûne freed besleat de organisator om de stekker út it feest te lûken.

Dat bestjutte foar de jeugd yn Wolvegea en omkriten dat der gjin plak wie om it nije jier feestlik yn te gean. Want de kroegen litte allinnich gasten fan 18 jier en âlder ta. Boppedat binne net alle kafees mei âldjiersnacht iepen, en dus wienen de kroegen benaud dat der fierstente folle minsken komme soenen.

Op fersyk fan de gemeente Weststellingwerf is no besletten om yn sporthal De Nije Steense in âld en nij feest te hâlden foar 14 jier en âlder. As it goed befalt sille de trije Wolvegeaster ûndernimmers dit feest ek de kommende jierren organisearje. Yn jannewaris evaluearje de ûndernimmers en de gemeente it feest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)