Jouster museum skrast kulturele aktiviteiten út besuniging

Museum Joure hâldt op mei it organisearjen fan konserten en ek komt der in ein oan de teaterfoarstellings. Ien en oar is it gefolch fan de besunigings dy't de gemeente De Fryske Marren it Jouster museum oplein hat.
Direkteur Iris Nutma fan Museum Joure seit dat se it jierliks mei 60.000 euro minder oan subsydzje dwaan moat. Dat is in koarting fan 20 prosint op it eardere subsydzjebedrach. Om kosten te besparjen is it museum tenei op moandeis ticht.
Aktiviteiten lykas de iepenloftkonserten yn it Park Heremastate en konserten en lêzings yn de doopsgezinde tsjerke wurde yn de takomst net mear troch Museum Joure organisearre.