Westerener oanholden foar hannel yn fjoerwurk

24 des 2014 - 10:07

De plysje hat tiisdeitemiddei yn De Westereen in 51-jierrige man oanholden op fertinking fan hannel en it yn it besit hawwen fan yllegaal fjoerwurk. De fertochte hannelet ek yn legaal fjoerwurk.

De plysje kaam de man op it spoar fia anonime tips. Yn de wenning fan de fertochte waard 40 kilo yllegaal fjoerwurk oantroffen. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de Westerener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)