Skylge hellet 20.000 euro op foar Serious Request

Foar it twadde jier op rige is op Skylge mear as 20.000 euro ophelle foar it goeie doel fan de 3FM aksje Serious Request. It eilân hie in eigen Glêzen Hûs. Dêr is in pear dagen radio makke en binne aksjes op tou setten.
It jild is troch inisjatyfnimmer Iemke Lurvink nei Haarlem brocht. Dêr stiet dit jier it Glêzen Hûs fan 3FM. Ferline jier stie it hûs op it Saailân yn Ljouwert. Lurvink fierde doe ek aksje op it eilân. Woansdei is de lêste dei fan Serious Request.
Dit jier wurdt der jild ophelle foar froulju yn oarlochsgebieten dy't slachtoffer binne fan seksueel geweld.