Alve tips yn saak berôving frou (78) út Ljouwert

23 des 2014 - 20:59

De saak fan de beroving fan in 78-jierrige frou yn Ljouwert hat tiisdeitejûn yn it TV-programma Opsporing Verzocht 11 tips opsmiten. De frou waard by har wenning troch in man oansprutsen. Hy sei dat hy fan de wenningbouferiening wie en lokke har nei de kelder fan de flat. Dêr pakte hy hurdhannich har tas ôf. De frou foel dêrby hurd mei de holle op de grûn.

De plysje siket in oerfaller dy't ried yn in swarte Fiat Seicento. De auto is foar de oerfal op bewakingskamera's by de wenning fan de frou ferskate kearen te sjen.

De oerfal wie op freed 3 oktober yn in portykflat yn de Berkenstrjitte yn de wyk Heechterp-Schieringen. It slachtoffer kaam werom fan in boadskip yn winkelsintrum De Centrale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)