Ekstra riedsfergadering oer wynmûnen yn Súdwest-Fryslân

23 des 2014 - 15:52

De gemeente Súdwest-Fryslân hâldt moandei 5 jannewaris in ekstra iepenbiere riedsfergadering. Hjiryn sil de ried him útsprekke oer yn hokker gebiet de wynmûnen krekt komme meie. Ek wurdt der praat oer hoefolle rigen mei wynmûnen dêr pleatst wurde meie.

De fergadering folget op it beslút fan Provinsjale Steaten om te kiezen foar wynmûnen op en lâns de Ofslútdyk yn stee fan in grut wynmûnepark yn de Iselmar. De ekstra riedsfergadering is nedich omdat op koarte termyn in beslút fan de ried fan Súdwest-Fryslân oan de minister foarlein wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)