Fallisemint foar Autogroep Siton

23 des 2014 - 15:44
  • Autogroep Siton op It Hearrenfean

Autogroep Siton is fallyt. It garaazjebedriuw hat festigings op It Hearrenfean, yn Drachten en yn Bûtenpost. Fyftich wurknimmers komme troch it fallisemint op strjitte te stean.

It is de twadde Fryske autodealer dy't yn koarte tiid oer de kop giet. Earder waard Engelsma & Wijnia yn Ljouwert en Burgum fallyt ferklearre. Dy fêstigings binne yntusken ek al wer oernommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)