Kramer twifelet oer dielname oan 10 km by WK ôfstannen

23 des 2014 - 15:29

Reedrider Sven Kramer sjocht it riden fan de 10 km op de WK ôfstannen yn febrewaris net sitten. It ynternasjonale reedrydbûn, de ISU, hat de ôfstân as earste ûnderdiel op it wedstrydprogramma setten. Reedriders en coaches binne hjir bot fernuvere oer.

Kramer wol op it WK ek in goeie prestaasje delsette op de 1500 meter en de 5 kilometer. As er dan earst de 10 kilometer ride moat, dan wurdt dit dreech. It ticket foar de 10 km op it WK is dit wykein te fertsjinjen op it NK allround yn Thialf.

Neffens Kramer sit der in hiele taktyk achter it beslút fan de ISU. As net ien de 10 km op dizze wize ride wol, dan ha se in reden om de ôfstân hielendal te skrassen yn de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)