Reklamekoade Kommisje jout Aquacombi gelyk oer advertinsje

23 des 2014 - 15:20

De Reklamekoade Kommisje hat moandei it Jouster bedriuw Aquacombi gelyk jûn yn in skeel oer in advertinsje oer wetterûnthurders. Drinkwetterbedriuw Evides riedt minsken yn dy advertinsje ôf om wetterûnthurders te brûken, om't it skealik is foar de sûnens.

De Reklamekoade Kommisje stelt no dat de advertinsje net nuansearre genôch is en dat Evides ferkeard siet troch alle wetterûnthurders ôf te rieden. Direkteur Gerrit Dijkstra fan Aquacombi is wiis mei it beslút.

Dijkstra seit ynkoarten mei wetterbedriuw Vitens om tafel te sillen om fierder te praten oer it brûken fan wetterûnthurders by Fryske húshâldens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)