Rieden fan advys foar Doeksen ynstallearre

Op Skylge en Flylân binne moandei de rieden fan advys fan rederij Doeksen ynstallearre. Dizze kommisjes bestean út fertsjintwurdigers fan eilanner belangegroepen en jouwe advys by alle saken dy't rederij Doeksen, reizgers en eilânbewenners oangean.
It oanstellen fan in ried fan advys foar beide eilannen wie ien fan de ôfspraken dy't makke binne doe't it Ryk en Doeksen de EVT útkochten. Unôfhinklik foarsitter fan beide advysrieden is Sietze Haringa, hikke en tein op Skylge. Beide rieden komme yn april takom jier wer byelkoar foar oerlis.