Jezus leit wer yn de kribbe fan de kryststâl yn Dokkum

23 des 2014 - 13:39

It byld fan it berntsje Jezus leit sûnt tiisdei wer yn de kryststâl fan Dokkum. Dit wykein waard it byldsje stellen út de kryststâl. Troch in anonime tip op Facebook waard Hans Ludema, bouwer fan de stâl, tipt oer wêr't it byldsje wie.

Jezus waard úteinlik yn twa dielen weromfûn yn in portyk. De holle is nammentlik fan de romp ôf. Jezus wurdt dizze krysttiid mei in losse holle yn de kribbe lein. Dêrnei sil er makke wurde. Om nije stellerij foar te kommen, sil it byldzje nachts troch frijwilligers út de kryststâl helle wurde.

De anonime tipjouwer krijt it finerslean fan fyftich euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)