Combex Transportbedriuw nimt Van der Veen oer

Combex Transportbedriuw yn Eastermar nimt 41 fan de 62 personielsleden oer fan it fallite transportbedriuw Van der Veen út Burgum. Combex-direkteur Freerk Lautenbag fertelt dat dit ôfrûne freed besletten is mei de kurator. De wurknimmers kinne 5 jannewaris oan it wurk by Combex.
Neist it grutste part fan it personiel nimt Combex ek al it materieel fan Van der Veen oer. Troch de oername groeit Combex út nei 143 wurknimmers en 115 auto's.