Daley Sinkgraven krijt plak yn perfekte alvetal fan de NOS

23 des 2014 - 12:03
  • Daley Sinkgraven

Daley Sinkgraven fan SC Hearrenfean is opnommen yn it Moneyball Team fan de earedivyzje fan de NOS. By de gearstalling fan dit alvetal wurdt gebrûk makke fan in ferskaat oan statistiken om sa de perfekte ploech gear te stallen.

Sinkgraven is benammen selektearre op basis fan syn ferdigenjende aksjes. Dat is opfallend om't de middenfjilder fan Hearrenfean foaral wurdearrring krijt om syn oanfallende kwaliteiten. Dochs stiet er op it twadde plak as it giet om ferdigenjende aksjes op it middenfjild. Yassin Ayoub fan FC Utrecht stiet op ien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)