"Oanspielen fan jonge seehûnen is eins hiel gewoan"

23 des 2014 - 11:24

Der spiele op it stuit in soad jonge grize seehûnen oan op benammen Flylân en Skylge. Dat komt ûnder oare troch de hurde wyn. De jonge bisten kinne noch net goed swimme. Mar eins is it hiel normaal dat jonge grize seehûnen op de eilannen telâne komme, seit seehûnebiolooch Sophie Brasseur fan Imares.

It heart by dit seehûnesoart dat de jongen nei in pear wiken op it lân komme om ûnder oare harren longen te ûntwikkeljen. Meastentiids is de mem net fier fuort. Minsken wurde dan ek warskôge om de bisten mei rêst te litten.

Opfallend is wol dat de seehûnejongen hieltyd betider berne wurde. Trittich jier lyn wie dat noch om âld en nij hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)