'Fryslân Fytst foar 3FM' oankaam mei sjek yn Haarlem

23 des 2014 - 07:11

In groep fan sa'n 40 Friezen hat ûnder de namme 'Fryslân Fytst foar 3FM' hast 10.000 euro binnenhelle foar Serious Request. Sûnt fjouwer jier fytst dizze klup meielkoar om jild yn te sammeljen foar it Glêzen Hûs.

Dit kear fytste de groep 400 kilometer fan It Hearrenfean fia Utrecht en Rotterdam nei Haarlem, dêr't it Glêzen Hûs dit jier stiet. Moandei kamen se oan en hawwe se de sjek oerlange.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)