Soargen oer takomst fan Thomaslieden Aldhoarne

De organisaasje fan it Thomaslieden yn Aldhoarne makket him soargen oer de takomst fan de tradysje. Der is neffens de klokkekommisje net in soad animo ûnder de jongerein foar it kloklieden. Mei kursussen besykje se de jeugd derby te belûken. Yn Ketlik wurde de klokken tenei net mear nachts let, mar allinnich fan 7 oere moarns oant 10 oere jûns.