Drokte by autodealers om nije belestingregels

De Fryske autodealers hawwe it op it stuit smoardrok. Troch oare belestingregels wurde nije, lytse, skjinne auto's fan 1 jannewaris ôf mear as 1000 euro djoerder. Dat komt om't dat type auto de BPM-frijstelling kwytrekket.
BPM is de belesting dy't betelle wurde moat by oanskaf fan in nije auto. Om safolle mooglik minsken nei in skjinne auto te krijen hat de oerheid jierren de ferkeap fan dy auto's stimulearre troch se BPM-frij te meitsjen. Dizze regeling ferfalt dus no.
Foar saaklike riders is der ek noch foardiel te heljen foar 1 jannewaris, om't de saneamde bytellings-regels ek feroarje en in soad auto's fan 14 nei 20 prosint bytelling gean.