Oerstapkantoar Red de Sionsberg hat it drok

Yn it kantoar fan Red de Sionsberg kinne minsken oerstappe © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Al mear as tûzen minsken ha yn it oerstapkantoar fan aksjegroep Red de Sionsberg in nije soarchfersekering ôfsletten. Dat seit Edwin Reitsma fan it oerstapkantoar. Neffens him wie it moandei tige drok mei oerskriuwers. It binne allegear minsken dy't no noch by De Friesland in soarchfersekering ha, mar oerstappe wolle nei in oare fersekerder.
Neffens Reitsma sizze in soad minsken dat se De Friesland in goeie fersekerder fine, mar dat se in sinjaal ôfjaan wolle. Se binne lilk oer de gong fan saken mei it fallisemint fan it sikehûs yn Dokkum.