Oerfal Bjirkestrjitte tiisdei by Opsporing Verzocht

22 des 2014 - 16:23

De oerfal fan freed 3 oktober op in 78-jierrige frou yn Ljouwert is tiisdeitejûn yn it tv-programma Opsporing Verzocht. De frou waard troch in ûnbekende man oerfallen yn de kelder fan har flat oan de Bjirkestrjitte. De oerfaller wachte de frou op yn in swarte Fiat Seicento. Hy die as wie er in meiwurker fan de wenningstifting dy't de kelder kontrolearje woe.

By de oerfal kaam de frou te fallen. Se rekke ferwûne en se bruts har keunstgebit. It giet neffens de plysje om in man fan 30 oant 35 jier âld en sa'n 1 meter 70 lang.

Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn om healwei njoggenen te sjen op NPO 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)