Waarmtegolf yn Fryslân hâldt noch altyd oan

De waarmtegolf yn ús provinsje hâldt noch hieltyd oan. Dat seit waarman Piet Paulusma. Oan de ein fan de wike wurdt it wol wer wat kâlder, mar moandei wie it mei sa'n 11 oant 12 graden op 'e nij bysûnder waarm. Gewoanwei is it om dizze tiid hinne sa'n 5 graden.
It waarme waar hat foar- en neidielen. Sa waard der moandei mei de hurde wyn folop kitesurfd op de Iselmar. Om't it wetter noch aardich waarm is, hoegden surfers gjin moffen oan yn it wetter. Neidielen bin der benammen foar kleanwinkels, dy't harren winterjassen dreech kwytreitsje.