Fuotbalcoach Torny ferbaasd oer ein fan de BeNe League

22 des 2014 - 14:53

Coach Jessica Torny fan it frouljusfuotbalteam fan SC Hearrenfean is ferbaasd oer de ein fan de BeNe League, de frouljuskompetysje foar Nederlânske en Belgyske fuotbalteams. De KNVB en de Nederlânske klups binne no yn oerlis oer in nije topkompetysje sûnder Belgyske teams.

It plan moat foar 1 maart klear wêze. It doel is dat der op syn minst acht teams yn sitte. Op it stuit binne der sân topklups yn de Nederlânske frouljusfuotbalkompetysje. Dêr moat dus ien bykomme. Op de lange termyn moat der in kompetysje fan tolve frouljusteams komme.

Neffens Torny is it no noch net mooglik om in frouljuskompetysje mei acht Nederlânske profteams te hawwen. "Dêrfoar is der op dit stuit noch net genôch kwaliteit."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)