"Transportbedriuwen moatte spesjalisearje om te oerlibjen"

22 des 2014 - 11:07

Transportbedriuwen moatte har spesjalisearje om te oerlibjen, seit Willem Boonstra fan de Boonstra Groep. De Nederlânske transportbedriuwen binne it ynternasjonaal bulkferfier kwytrekke oan sjauffeurs út 'goedkeape' lannen. Dus is spesjalisaasje needsaaklik.

De Boonstra Groep yn Haulerwyk nimt fan 1 jannewaris ôf it bediruw Kazemier Logistics út Aduard oer. Kazemier is spesjalisearre yn security transport: is it ferfier fan weardefolle spullen. Dy tak slút goed oan by Boonstra's aktiviteiten, dy't spesjalisearre is yn plomfeeferfier.

By de Boonstra Groep wurkje fan 1 jannewaris ôf aanst sa'n 150 minsken. It oantal frachtweinen komt mei de oername op hûndert stiks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)