"Mei mear tiid wie it Icedôme-plan wol slagge"

22 des 2014 - 10:38

It reedrydkompleks Icedôme yn Almere wie der wol kaam as de inisjatyfnimmers mear tiid krigen hienen. Dat sei projektlieder Folkert Buiter tsjin Omroep Flevoland. Yn juny luts de KNSB de stekker út it plan om fan Almere de topsportlokaasje te meitsjen, om't it plan finansjeel net helber wie.

Neffens Buiter wienen der wol ynvestearders en wie it mei in healjier langer wol slagge om it finansjele plaatsje rûn te krijen. De KNSB woe dêr lykwols net op wachtsje en besleat om sawol Thialf as it TranSportium oan te wizen as topsportlokaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)