Aris útskeakele yn de beker nei rom ferlies yn Den Bosch

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris binne útskeakele foar de beker. De Ljouwerters ferlearen snein mei mar leafst 104-64 yn en fan Den Bosch. Yn sportkompleks de Maaspoort naam Den Bosch fan begjin ôf oan de lieding. In soad trijepunters fan de thúsploech soargen foar in 50-36 efterstân foar de Ljouwerters by it skoft.
Nei rêst rûn Den Bosch fierder út nei 77-53 yn it tredde kwart. Dêrmei wie it ferset by de ploech fan trainer Tom Simpson brutsen en koe de thúsploech útrinne nei in romme oerwinning.