Fryske rugbyklups betelje mei om skulden fuort te wurkjen

Rugby © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It rugbybûn is sneon rêden fan in fallisemint. Klups sille bydrage om in skuld fan ien miljoen euro kwyt te reitsjen. Dêrby wurdt sjoen nei de grutte fan in klup. Foar de Drachtster rugbyklup betsjut dat in bedrach fan 6000 euro oermakke wurde moat nei it bûn. De klup is optimistysk oer it rêdingsplan en sil it betelje út eigen middels en net by de leden oanklopje.
Dat betsjut wol dat in oantal oare plannen foar 2015 efkes net trochgean kinne. Ek de oare trije klups yn de provinsje sille fanút de klup earst it jild oermeitsje nei it bûn.
Dêrnei sil yntern sjoen wurde hoe't dit wer werom fertsjinne wurde kin.