Sicco Cuperus al in healjier fermist

21 des 2014 - 13:49

De âlden fan de fermiste maresjesee Sicco Cuperus fan Ljouwert wolle noch ien kear in berop dwaan op minsken dy't miskien ynformaasje ha oer har soan. Sicco wurdt sûnt 7 juny fermist. Syn auto is weromfûn yn Marrum, mar fan him ûntbrekt elk spoar. De maresjesee hat alle mooglike spoaren ûndersocht mar neat fûn. De plysje hat it ûndersyk no oernaam. Dêrby is de auto fan Sicco Cuperus sels troch in grut scanapparaat helle.

Dat ûndersyk sit ek op dea spoar. Piet en Gina Cuperus, de heit en de mem, roppe noch ien kear de help fan it pubyk yn.

Sa wolle se graach witte oft der echt gjin minsken west ha dy't Sicco op de dei fan syn fermissing yn Ljouwert of Marrum sjoen ha. Mochten minsken tips ha dat kin se dy kwyt by de plysje op nûmer 0800-6070 of by meld misdaad anoniem op 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)