Brokkepiloat mooglik ûnder ynfloed

21 des 2014 - 13:06
  • Drugs

Foar it riden ûnder ynfloed is sneontenacht in 23-jierrige man út Gruttegast oanhalden. By Surhústerfean rekke de man de macht oer it stjoer kwyt. Hy belâne mei syn auto op 'e side yn in greppel. De plysjes murken dat de bestjoerder grutte pupillen hie en ek tige drok wie. Se fermoeden dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie. Hy is meinaam nei it buro foar in bloedproef.

De útslach dêrfan wurdt noch ôfwachte. Dêrnei is er nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)