Jager brûkt ferbeane lokmiddels
In 54-jierrige jager út de gemeente Súdwest-Fryslan is sneon betrape op it brûken fan yllegale lokmiddels foar guozzen. Mei in jachtkontrôle waard de man betrape yn in stik greide by Surch. Hy hie twa deade lokguozzen en brûkte ek elektroanyske lokapparatuer. Der is proses-ferbaal opmakke en de lokmiddels binne yn beslach naam.