Goud en sulver foar Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt hat snein by de wrâldbekerwedstriid yn Seoul sulver helle op de 500 meter. Sneon hie de Bantegeaster al brûns op de 1000 meter pakt. Mei de Nederlânske ploech helle Knegt dêrnei de gouden medalje op de ôflossing. Yn de ploech rydt ek Daan Breeuwsma fan Aldeboarn. Mei Freek van der Wart en Adwin Snellink bleau Nederlân yn in prachtige finale Kanada, Sina en Súd-Koreä foar.