Tsiende kompetysjewinst op rige UNIS Flyers

21 des 2014 - 00:18

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de tsiende oerwinning op rige yn de nasjonale kompetysje helle. Op it iis fan Thialf waard Eindhoven mei 7-0 ferslein. Marcel Kars iepene al betiid de skoare foar de thúsploech yn de earste perioade. Earst yn de twadde perioade soe it ferskil oprinne. Travis Bobbee, Tony Demelinne en Josh Prudden soargen foar de 4-0 tuskenstân. Mitch Bruijsten, Joey Oosterveld en Levi Houkes wiene de doelpuntemakkers yn de tredde perioade. Sneintemiddei spylje de Flyers de topper yn en tsjin Tilburch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)