Cambuur wint fan PEC Zwolle

20 des 2014 - 22:08

Cambuur hat de lêste wedstriid fan 2014 mei 2-1 wûn fan PEC Zwolle. Yn in boeiende wedstriid kamen de Ljouwerters yn de 19e minút op efterstân, troch in goal fan Thomas Lam. Yn de twadde helte joegen de Ljouwerters fol gas. Sander van de Streek sette yn de 57e minút de fertsjinne lykmakker op it boerd. Dêrnei waard in Zwolle goal om ûndúdlike reden ôfkard troch skeidsrjochter Van den Kerkhof.

Yn de 89e minút waard Martijn Barto yn de 16 meter ûnderút helle. Erik Bakker fersulvere de penalty en besoarge Cambuur dochs noch de oerwinning.

Albert Rusnák wit noch net wêr't hy yn jannewaris spylje sil. Hy wol wol nei FC Grins, mar hat noch net tekene. De belangstelling fan SC Hearrenfean wit hy allinnich út de media. No't hy mei Cambuur de lêste wedstriid spile hat, sil hy kontakt sykje mei syn saakwaarnimer om in transfer te regeljen. Cambuur stiet mei 26 punten út 17 wedstriden stevich yn de middenmoat fan de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)