Transportbedriuw Boonstra nimt Kazemier Logistics oer

20 des 2014 - 18:29

Transportbedriuw Boonstra Groep yn Haulerwyk nimt mei yngong fan 1 jannewaris it bedriuw Kazemier Logistics oer fan de Kooiker Groep út Grou. De direksjes fan beide bedriuwen hawwe de meiwurkers sneon oer de oername ynformearre. It bedriuw Kazemier yn it Grinslanner Aduard gie yn 2012 fallyt en waard doe oernommen troch de Kooiker Groep, mar neffens de direksje past it bedriuw better by Boonstra.

Kazemier Logistics wurdt fan jannewaris ôf oanstjoerd fanút Haulerwyk. It tal frachtweinen fan Boonstra komt no op hûndert stiks.

De Boonstra Groep is spesjalisearre yn it saneamde security transport, it ferfier fan plomfee en containers en wurket yn Noardwest-Europa en Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)