Drachtster Boys wint fan AZSV

Drachtster Boys wûn sneon mei 4-1 fan AZSV. Op in wiet fjild koe Peter Jansen Klomp yn de 14e minút út in frije traap de iepeningstreffer foar de Drachtster binnenkoppe. De Boys krigen goede kânsen op de 2-0, mar op slach fan rêst krige de thúsploech it lid op 'e noas doe't AZSV de 1-1 makke.
Nei rêst soarge Harvey Bischop yn de 67e minút op 'e nij foar de foarsprong. Mei noch tsien minuten op it boerd smiet Joël Wagenaar de wedstriid yn it slot mei de 3-1. Kevin Bakels soarge yn 87e foar de einstân.