Restaurearre toer Aldeboarn opnij opmetten

Aldeboarn stie sneon yn it teken fan tuorkemjitters en lyntsjesnijers. It giet om in âld ferhaal. De Boarnsters hiene de heechste toer fan Fryslân yn Tsjom opmetten om sadwaande yn Aldeboarn in hegere toer meitsje te kinnen. Mar omdat de ynwenners fan Tsjom - de lyntsjesnijers - it tou fan de Boarnsters trochsnien hiene, slagge it de ynwenners fan Aldeboarn net om in hegere toer te bouwen.
De toer fan Aldeboarn is krekt renovearre en dat wie foar de 'tuorkemjitters' reden om har eigen toer op in feestlike wize opnij op te mjitten.
De toer fan Aldeboarn is frijwat koarter as dy fan Tsjom. Neffens saakkundigen skeelt it mear as 20 meter....