Man (87) ferdrinkt yn bûtengebiet by Dolsterhuzen
By in ûngelok op it Tjongerpaad yn Dolsterhuzen is yn de nacht fan freon op snein in man fan 87 jier út Wolvegea om it libben kaam. In fytser dy't foarby kaam fûn it slachtoffer en warskôge de plysje. De man hat nei alle gedachten syn auto oan de kant set en is útstapt.
Koart dêrnei is hy yn it wetter fallen. Hy koe der net mear útkomme.