Serious Record wint Fryske poppriis

De Hûnekop © Omrop Fryslân
Serious Record hat freedtejûn de Fryske Poppriis wûn. Ferline jier waard mei dit inisjatyf ûnder Serious Request yn Ljouwert besocht in rekôr te festigjen troch 400 bands 363 oeren lang optrede te litten. De poptalint award gie nei Yuko Yuko, de Omrop Fryslân Klipkar + Clip Award nei it duo Snoet en Smoel en de publykspriis gie nei it Psy-Fi festival.
Sjonger Emiel Stoffers fan De Hûnekop wûn de Bernlef priis fan 2014. Neffens de sjuery wit Stoffers mei syn Wâldpyk-fersy fan it Frysk in breed publyk te berikken.