Utslaande wenningbrân yn De Blesse ûnder kontrôle

De brânwacht hat it sein 'brand meester' jûn by de grutte wenningbrân oan de Markewei yn De Blesse. De brân bruts om goed sân oere út. De bewenners koenen op tiid út de wenning komme. Brânwachtkorpsen fan Wolvegea en Oldemarkt waarden oproppen om te blussen. Ek waard der in heechwurker ynset. De wenning is folslein útbaarnd.
By de brân is in soad reek frijkaam. De brânwacht ropt minsken dêrom op om ramen en doarren ticht te hâlden. Ek sit de buert op dit stuit sûnder stroom troch de brân. De brânwacht is no noch dwaande mei it neiblussen.