€ 115.000 oan guod ophelle foar Voedselbank

19 des 2014 - 19:03

De aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân hat €114.736 opsmiten. Yn totaal binne der yn twa wike tiid mear as 50.000 produkten ynsammele. It giet om in foarlopige einstân, der wurdt noch hieltyd teld yn de Omropstudio.

De ôfrûne wiken waarden oeral in de provinsje aksjes opsetten om guod yn te sammeljen. Ek 120 Fryske supermerken diene mei. De aksje 'Samen voor de Voedselbank' is in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân. Alle omroppen ha op freed de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)