Jorritsma bringt besite oan militêren IS-missy

19 des 2014 - 18:18

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat tongersdei en freed in besite brocht oan de militêren dy't yn it Midden-Easten meidogge oan de striid tsjin Isis. Oan de IS-missy dogge seis strieljagers fan fleanbasis Ljouwert mei.

Mei-inoar binne der 250 Nederlânske militêren aktyf yn de striid tsjin Isis. De besite oan de missy wie op útnoeging fan luitenant-generaal Sander Schnitger. De kommissaris wie ûnder oare oanwêzich by in medaljeparade. De delegaasje is yntusken werom yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)