140.000 euro foar lokale belbussen

De provinsje Fryslân hat 140.000 euro skonken oan de projekten Tellens Belbus en Ridemar. Doel is om de leefberens op it plattelân en yn de doarpen te behâlden. Soarchynstelling Tellens hat in oantal bussen yn Tytsjerksteradiel, Littenseradiel en yn de omkriten fan Heech. De auto's wurde troch frijwilligers riden.
Kwetsbere minsken, yn dy gemeenten, kinne in berop dwaan op de frijwilligers mei de Tellensweinen, om koarte ritsjes, bygelyks nei de winkel of famylje ta, te meitsjen. It binne foar taksys de ûnrendabele ritten.