Karbidlokaasjes yn kaart brocht foar dôve minsken

19 des 2014 - 16:17

Hoor Fryslân hat op fersyk fan dôve minsken ek dit jier wer yn kaart brocht wêr't yn de provinsjes karbid sketten wurdt. Troch hiel Fryslân hinne is it sjitten mei karbid in tradysje op âldjiersdei. Foar dôve minsken is dit lûd lykwols hiel steurend. Dêrom hat Hoor Fryslân op har webside alle lokaasjes yn kaart brocht, sadat minsken der rekken mei hâlde kinne. Foar inkele gemeenten moat der noch in update makke wurde. Hoor Fryslân ropt doarpsbelangen dêrom op om oanfollings en ferbetterings te melden.

Trefwurden: 
karbid Hoor Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)