"Lanlik ferbod konsumintefjoerwurk is it bêste"

Der soe in lanlik ferbod komme moatte op konsumintefjoerwurk. Dêr pleitsje plastysk sjirurch Tijmen de Jong en eachdokter Marc Talsma foar. Beide wurkje yn sikehûs MCL yn Ljouwert en sjogge alle jierren slachtoffers op de spoedeaskjende help ferskinen as gefolch fan ûngelokken mei fjoerwurk. Faak giet it om jongeren mei swiere ferwûnings oan hannen en eagen. Om't in lanlik ferbod net helber is, advisearje de dokters om dan yn alle gefallen in feilichheidsbril op te setten.