Bekerwedstriid Cambuur op tiisdei 27 jannewaris

19 des 2014 - 14:34
  • Reade kaart foar Bijker by Heracles-Cambuur

Sportklub Cambuur spilet de kwartfinale fan de KNVB-beker tsjin PEC Zwolle op tiisdei 27 jannewaris. It fuotbalbûn hat dat freed bekend makke. Cambuur spilet de wedstriid om healwei sânen jûns yn it eigen stadion. Ek de wedstriid FC Twente tsjin AZ wurdt op deselde datum spile. Woansdei 28 jannewaris steane de duels tusken de winner fan Roda JC en PSV tsjin Excelsior en FC Grins tsjin Vitesse op it programma. De winners komme út yn de heale finales dy't begjin april spile wurde. De finale is op snein 3 maaie yn stadion De Kuip yn Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)