Fersmoarge grûn by Schatzenburg moat opromme wurde

19 des 2014 - 14:31

Grondnet BV en Schatzenburg BV moatte de fersmoarge grûn ûnder de lûdswâl by Schatzenburg by Menaam opromje. Dat seit de provinsje. Dy hat ûndersyk dien nei de grûn dy't brûkt is by de oanlis fan de lûdswâl. Ut neier ûndersyk docht neffens de provinsje op 'e nij bliken dat de grûn fersmoarge is.

Grondnet ûntkende dat earst, mar moat de fersmoarge grûn no dochs opromje. As it bedriuw dat wegeret, lit de provinsje de grûn oprûmje. De kosten wurde yn dat gefal op Grondnet ferhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)