Plysje fynt himpkwekerij nei melding fan ynbrekkerij

19 des 2014 - 13:48

In ynbraak yn in gebou oan de Buorren yn Tsjummearum hat de plysje tongersdei nei in himpkwekerij laat. De 59-jierrige hierster fan de ûnderferdjipping die oanjefte fan de ynbraak. Doe't de plysje del kaam foar in kontrôle troffen se yn ferskate romtes op de earste ferdjipping himpplanten oan. Yn totaal gie it om 350 planten. Boppedat waard de stroom yllegaal ôftape. De planten binne ferneatige. De plysje ûndersiket wa't de boppeferdjipping hiert. De hierders fan de ûnderferdjipping wisten neat fan de kwekerij.

Trefwurden: 
plysje himp ynbrekkerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)