Schokker 'út respekt' yn seleksje Cambuur

Oebele Schokker is troch trainer Henk de Jong opnaam yn de Cambuur seleksje foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle. "Ut respekt foar de fertsjinsten fan Oebele foar Cambuur", sa sei De Jong. Schokker spilet fan jannewaris ôf wer foar Harkemase Boys. By Cambuur stiet Leonard Nienhuis wer yn de goal. Hy is wer hielendal fit. Bartolomew Ogbeche spilet net. Hy is blesseard oan de holle en is al mei fakânsje.
Lucas Bijker is skorst. Foar him spilet Vytas. Furdjell Narsingh is ek fit. De oanfaller begjint yn de basis.